Trochstart foar Mous Pompen

31 aug 2012 - 15:17

It fallite bedriuw Mous Pompenbouw út Balk makket in trochstart. Fan de 54 wurknimmers kinne tritich bliuwe. Mous gie okkerdeis op eigen fersyk fallyt, mei troch de krisis. It trochstarte bedriuw krijt deselde direkteur as foarhinne.

Yn 'e oarderportefúlje sit noch 2,5 miljoen oan opdrachten. In protte opdrachtjouwers hawwe te kennen jûn dat se bliuwe wolle. Dat jout perspektyf, seit de kurator. It fuortbestean fan Mous is belangryk foar Balk. De measte wurknimmers wenje yn it doarp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)