Trochstart foar moadewinkels Miss Etam en Promiss

04 maaie 2015 - 21:09
  • Logo Miss Etam

Moadeketens Miss Etam en Promiss, mei filialen yn Ljouwert, Snits, It Hearrenfean en Drachten, meitsje in trochstart. De kuratoaren hawwe dêr moandei in oerienkomst oer berikt mei ferskate partijen. De Etam Groep Retail, dêr't sa'n 2000 minsken wurkje, waard yn april fallyt ferklearre. De winkels draaie al in tal jierren mei ferlies. Der waard al twa kear folop reorganisearre.

Details oer de trochstart wurde de kommende tiid fierder útwurke. Mids maaie komme de kuratoaren mei mear dúdlikens. Alle winkels bliuwe oant dy tiid gewoan iepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)