Bedriuw JJ Welding oernommen

03 jul 2013 - 15:08
  • JJ Welding

Metaalbedriuw JJ Welding yn Frjentsjer is oernaam troch NRG Heat Exchangers út Vollenhove. It bedriuw is spesjalisearre yn tanks en apparatebou foar de on- en offshore en de petrogemy. De lokaasje yn Frjentsjer foarmet in twadde produksjefasiliteit foar de grutte apparatebou. NRG Heat Exchangers is in ûnderdiel fan Frames. Dat bedriuw past nije techologyen yn de oalje- en gasyndustry ta en wurket ynternasjonaal. Beide bedriuwen folje elkoar oan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)