Trochstart foar houtkonstruksjebedriuw De Mâr

23 jan 2015 - 19:21
  • Wurk yn de bou

It fallite houtkonstruksjebedriuw De Mâr yn Grou en Wolvegea krijt in trochstart. De âlde direksje makket de trochstart mooglik. Dêrtroch behâlde 60 fan de rom 100 meiwurkers harren baan. Foar nije wike woansdei wurdt dúdlik hokker minsken krekt oan de slach bliuwe kinne en hokker meiwurkers net. Fan woansdei ôf sille alle wurksumheden wer oppakt wurde. De trochstart is sa gau as mooglik regele om de klanten te behâlden, sizze kuratoaren Marco Kalmijn en Ide Jan Woltman.

De Mâr gong tiisdei fallyt troch de algehiele malêze yn de bou.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)