Trochstart foar Adema

09 apr 2010 - 12:53

It Ljouwerter bedriuw Adema Betonrenovatie BV makket in trochstart. It bedriuw waard yn febrewaris fan dit jier as ûnderdiel fan Bouwbedrijf Adema fallyt ferklearre.

Seis fan de acht wurknimmers kinne no oan de slach by it Noard-Hollânske JB Betonrenovatie, de ûndernimming dy't Adema Betonrenovaasje oernommen hat. De wurknimmers kinne gewoan yn Ljouwert oan it wurk bliuwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)