Trochstart diel Cosmo Trucks

04 okt 2014 - 11:15
  • Cosmo Trucks Boalsert giet troch ûnder in nije namme
  • De wurkpleats fan Cosmo Trucks
  • De festiging fan Cosmo Trucks yn Boalsert

Trije âld-meiwurkers fan it fallite Cosmo Trucks nimme in part fan it bedriuw oer. It giet om de festigings yn Ljouwert en Boalsert. Anne Bijker, Rinze Louwsma en Heine de Vries begjinne fan moandei ôf ûnder de nije namme Bedrijfswagen Service Friesland. Se nimme tolve âld-kollega's mei.

Cosmo hie ek festigings yn ûnder oare Sint Anne en It Hearrenfean. Mei-inoar wurken der 55 minsken. Wat der mei de rest fan it bedriuw barre sil, is noch net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)