'Trochstart Broersma asosjaal'

16 jun 2003 - 00:00

It is skandalich en asosjaal wat bard is by de trochstart fan transportbedriuw Broersma op It Hearrenfean en yn Strobos. Dat seit Leo Benjamins fan de FNV.

By de oername troch Müller Transport binne alle sjauffeurs dy't foarhinne lichaamlike klachten hiene, passeard. It fallissemint is neffens it fakbûn brûkt om har op in maklike wize oan de kant te setten. De oerbleaune 180 sjauffeurs fertsjinje folle minder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)