Trochstart bedriuw Superconnie

30 aug 2012 - 15:35
  • Fallisemint

It software-ûntwikkelingsbedriuw Superconnie fan It Hearrenfean makket in trochstart. It bedriuw waard ferline wike fallyt ferklearre omdat de skulden te heech wiene. It bedriuw is no oernaam troch in groep Fryske ynvestearders. Neffens kurrator Goudberg sil it grutste diel fan de sân persoanielsleden syn wurk hâlde. In oantal fan har is ek al wer oan it wurk, omdat in wiskunde -app dy't it bedriuw makket, nije wike brûkt wurde moat op in tal skoallen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)