Trochsichtige fiskpassaazje

16 okt 2008 - 15:26

By de slús fan Starum moat in trochsichtige fiskpassaazje komme as publykslûker. Dat fynt de FNP-steatefraksje. De partij hat al earder pleite foar mear fiskpassaazjes, mar it trochsichtich meitsjen fan de foarsjenning is nij. Dat moat mei in trochsichtige plastik buis.

It hinne en wer swimmen fan fisken tusken it Johan Friso Kanaal en de Iselmar kin in soad minsken lûke, sa tinkt de FNP. It plan kin meinommen wurde by it ferdûbeljen fan de slús.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)