Trochsetterspriis wer útrikt

18 mrt 2014 - 21:30

De Trochsetterspriis fan Doarpsbelang Burgum is dit jier foar Kees Koudstaal. De beropskrêft fan buerthûs Kiehool yn Burgum krijt de priis foar syn fertsjinste dat hy al sa'n 30 jier it gesicht is fan it buerthûs. Boppedat hat Koudstaal foarich jier mei it inisjatyf naam om it metal festival Wâldrock wer nij libben yn te blazen.

De Trochsetterspriis is tiisdeitejûn útrikt by de algemiene ledefergadering fan Doarpsbelang Burgum. De priis is bedoeld foar in persoan dy't him bot ynset foar de mienskip yn Burgum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)