Trochrider nei botsing socht

11 mrt 2011 - 10:27

De plysje siket tsjûgen fan in oanriding yn Harns dêr't de feroarsaker fan trochriden is. In 24-jierrige Harnzer rekke dêrby ferwûne. De man ried woansdeitemiddei op syn snorfyts oer de Noarderhaven. Nei de krusing mei de Leeuwenbrug waard er oanriden troch in donkere persoane-auto. De man kaam ûnder syn snorfyts telâne. De autobestjoerder ried troch yn de rjochting Heechstrjitte.

Minsken dy't wat sjoen hawwe, wurdt frege te beljen mei de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)