Trochriden nei ûngelok Twizel

25 feb 2010 - 11:16

In autobestjoerder út Twizel is woansdei trochriden nei't er in ûngelok feroarsake hie. In 42-jierrige frou op in skooter rekke dêrby ferwûne. Se krige op in krúspunt gjin foarrang fan de man yn syn auto. De auto skepte har en de frou bedarre op de grûn.

De autobestjoerder joech gas en ried hurd fuort. De plysje hat de auto weromfûn en wit wa't de feroarsaker fan it ûngelok is. De persoan moat him melde op it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)