Trochriden nei ûngelok

24 feb 2011 - 10:38

Trije ynwenners fan Drachten binne troch de plysje oanhâlden omdat se nei in oanriding besochten út te naaien. Omstanners hienen earst twa persoanen, fan 16 en 20 jier oanhâlden. In tredde man fan 19 koe letter yn in winkel pakt wurde.

Ynearsten waard tocht dat de jonge fan 16 riden hie, mar it die bliken dat dat net sa wie. De bestjoerder, de man fan 19, ried sûnder riidbewiis. Him wurdt boppedat it ferlitten fan it plak fan in ûngefal ferwiten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)