Trochriden nei ûngelok

23 okt 2008 - 10:08

De plysje is op syk nei in autobestjoerder dy't woansdei belutsen wie by in oanriding yn Easterwâlde. De man ried op de Boekhorsterwei in 34-jierrige fytster út Easterwâlde oan. Neffens de plysje omdat de auto op de ferkearde helte fan de dyk kaam, neidat de bestjoerder in bocht te rom naam hie. De fytster foel troch de oanriding en moast har troch in dokter behannelje litte.

De autobestjoerder ried nei it ûngelok troch, sûnder nei de frou te sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)