Trochriden nei ûngelok

13 maaie 2006 - 14:04

De plysje hat freedtejûn yn Boalsert in 19-jierrige jonge út dat plak oanholden omdat er trochriden wie nei in ûngelok. De jonge hie koart dêrfoar in fytser oanriden en hie doe net stilholden.

It 62-jierrige slachtoffer moast mei de ambulânse nei it sikehûs. De feroarsaker fan it ûngelok kaam tsien minuten letter dochs werom. De plysje hat him doe arrestearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)