Trochriden nei ûngelok

11 sep 2012 - 10:21
  • Poeisz, Oerfal, Ljouwert

De plysje siket tsjûgen fan in oanriding fan moandeitemiddei op de Grindwei yn Wolvegea. In 20-jierrige bestjoerder ried dêr, doe't fan links út de Houtstrjitte in auto kaam. Dy bestjoerder joech gjin foarrang en in oanriding wie it gefolch.

De auto fan de 20-jierrige hie skea oan de foar- en de sydkant. Nei de oanriding ried de feroarsaker troch. De man ried nei alle gedachten yn in sulverkleurige Mercedes A-klasse. Wa't wat sjoen hat, wurdt fersocht kontakt op te nimmen mei de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)