Trochriden nei oanriding

12 jun 2008 - 11:24

Twa manlju binne woansdei trochriden nei in oanriding yn De Westereen. In bestjoerder út Kollumerpomp ried oer de Zuiderstationsstraat en seach dat fan de oare kant in auto hurd oanriden kaam. De bestjoerder fan dy auto ferlear de macht oer it stjoer en klapte tsjin syn auto.

De feroarsaker naaide hurd út, mar de oare bestjoerder wist him klem te riden. Doe´t er de plysje warskôge, naaiden de mannen - no sûnder auto - út. De plysje siket harren noch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)