Trochriden nei oanriding

11 maaie 2008 - 15:50

De plysje hat sneontenacht yn Koatstertille in man oanholden foar it trochriden nei in oanriding. Om healwei tolven hinne wie der in oanriding tusken in scooter en in auto op de Tillebuorren en de Jan Gerkeswei.

De bestjoerder fan de scooter naaide dêrnei út. De autobestjoerder, in 36-jierrige man fan De Harkema, gong der gau achteroan. De achterfolging einige yn Droegeham. De scooterrider, in 17-jierrige jonge út Surhústerfean, is dêr oanholden troch de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)