Trochriden nei oanriding

17 des 2006 - 16:15

In 19-jierrige man út Snits is snein oanhâlden neidat er trochriden wie nei in oanriding. Om ien oere nachts soe de man op de rotonde yn Drylts de ferkearde kant om riden wêze en dêrby kaam er yn botsing mei in 24-jierrige man út Snits.

De plysje hie de man al earder riden sjoen en hie it kenteken opskreaun. Dêrtroch koene se de auto, mei dúdlik sichtbere skea, efkes letter werom fine. De man hat bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)