Trochriden nei botsing

29 jul 2010 - 10:52

In 53-jierrige drankrider út Surhústerfean is woansdeitjûn syn rydbewiis kwytrekke nei't er trochriden wie nei in ûngelok. De man hie yn Koatstertille in fytser oanriden. Nei de botsing wie er hurd fuortriden.

It slachtoffer hie it kenteken fan 'e auto opskreaun. De plysje koe de bestjoerder oanhâlde. Hy hie fierste folle alkohol dronken en krige in rydferbod fan 16 oeren. Boppedat waard syn rydbewiis ynnaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)