Trochgean autorally ûnwis

23 feb 2008 - 12:43

It is ûnwis oft de autorally nei Noardeast-Europa en de Baltyske steaten wol trochgiet. Nordconnect dy't de rally inisjearret, hat de gearwurking mei organisator MG1 opsein. Nordconnect is benaud dat MG1 de rally net goed organisearret.

De rally soe yn oktober organisearre wurde en moat it bedriuwslibben yn de kunde bringe mei bedriuwen oer de grins. Oer trije wike moat dúdlik wêze oft de really al of net trochgiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)