Trochbraak moardsaak Klijnstra

22 des 2008 - 09:59
  • Ida Klijnstra

De moard op Ida Klijnstra yn De Blesse en in selsmoard, fjouwer dagen letter yn Frjentsjer, steane mei-inoar yn ferbân. Dat seit misdiedferslachjouwer Peter R. de Vries. Yn syn tv-programma sei De Vries dat de Frjentsjerter dy't himsels te koart die, Arjen van der Schaar, achter de moard siet.

De moard soe in út de hân rûne rôfoerfal west ha. Fjouwer dagen nei de moard woe de plysje Van der Schaar oanhâlde, nei in tip oer wapenbesit. Mar dy skeat himsels troch de holle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)