'Trochbraak faksinaasjebelied'

02 aug 2012 - 18:46
  • Skiep

Boeren mei har fee tenei preventyf ynintsje tsjin de sykte blautonge sûnder dat dat konsekwinsjes hat foar de steatus fan 'blautongefrij' lân. Dat wurdt sjoen as in trochbraak yn it Europeeske Faksinaasjebelied.

Oant no ta waard allinnich yninte as dat helpe koe om in besteande besmetting yn in lân te beheinen. Feedokter Egberink fan Ie reagearret posityf op de nije regels út Brussel. Hy hopet dat de soepeler opstelling tsjinoer ynintsjen skielk ek jildt foar oare feesykten lykas bargepest of tongblier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)