Troch teiwaar glêd yn wenwiken

26 des 2009 - 10:00

Troch it teiwaar hawwe in soad automobilisten op twadde krystmoarn problemen om de dyk út te kommen mei de auto. Trochgeande diken binne goed begeanber, mar troch it teiwetter ûntstiet der op parkearplakken en yn de strjitten yn wenwiken in glydsbaan fan iis, snie en wetter.

Ek foar kuierders is it oppassen: op stoepen is it glêd. Lang sille de problemen nei alle gedachten net duorje, want it teiwaar set hurd troch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)