Troch mist yn Potmarge fallen

01 jan 2008 - 16:02

Plysje en brânwacht hawwe tiisdei socht nei drinkelingen yn de Potmarge yn Ljouwert. In bewenster fan de Romkesleane hie om help roppen heard. De mist fertraagde de sykaksje. De brânwacht hat ek noch in waarmtekamera brûkt.

Twa slachtoffers wiene al opfongen troch bewenners fan de Romkesleane. De tredde man lei noch yn it wetter ûnder de brêge by it Beursplein. Hy is nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)