Troch it plafond: swierferwûne

25 maaie 2010 - 09:47

In 52-jierrige ynwenner fan Minnertsgea is Pinkstermoandei slimferwûne rekke, doe't er troch it plafond sakke. De plysje fûn de ferwûne man yn in bedriuwsgebou oan 'e Stasjonsstrjitte. Nei alle gedachten hat er by it ferwikseljen fan tl-buizen op it systeemplafond stien en is dertrochhinne sakke.

De ferwûne man is ûnder begelieding fan twa motorriders fan 'e plysje yn in sikeauto nei it MCL yn Ljouwert brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)