Tritich aventoeren yn 30 dagen

06 jan 2014 - 20:14

Tritich aventoeren yn Nederlân meitsje yn tritich dagen. It is de opdracht fan de 28-jierrige wrâldreizger Joost út Rotterdam. Hy is it gesicht fan de kampanje De Tocht fan Sonnema en it kommunikaasjebedriuw Containr út Amsterdam. Doel is om minsken oan te spoaren mear spanning yn harren deistich libben te krijen.

Joost syn earste opdracht wie moandeitemoarn yn Fryslân. Hy moast liftsjend, efterop by minsken op de pakjesdrager, fan Boalsert nei Dokkum. Alle dagen krijt er de opdracht foar in nij aventoer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)