Tristan und Isolde yn Harmonie

09 okt 2013 - 14:03
  • Stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert

Operaleafhawwers kinne woansdei harren hert ophelje yn stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert. Dan wurdt fan 18.00 oere ôf de fiif oeren lange opera Tristan und Isolde fan Richard Wagner opfierd. It giet om in produksje fan de Nasjonale Reisopera mei it Noord-Nederlands Orkest yn de orkestbak.

It 'sinderjende leafdesdrama' Tristan und Isolde wurdt net faak opfierd. Neffens kritisy giet it om in bysûndere produksje. Sa'n topproduksje moat ek yn Ljouwert te sjen wêze, fynt Harmoniedirekteur Arthur Oostvogel.

De skouboarch hat oant no ta 450 kaartsjes ferkocht foar Tristan und Isolde. Dat is net genôch om út de kosten te kommen, mar dat is yn dit gefal net sa wichtich, fynt Oostvogel. De skouboarch hat de opdracht om breed te programmearjen en wol dêrom ek sa de romte biede oan in bysûndere operaproduksje lykas Tristan und Isolde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)