Triomfen Wennemars op Thialf

08 mrt 2003 - 00:00

By de Wrâldbekerwedstriden reedriden yn Hearrenfean is Erben Wennemars sneon de grutte winner wurden. Hy wûn, lykas freed, de fiifhûndert meter. Letter op de middei wie er mei in nij baanrekôr de fluchste op de tûzen meter.

Op de tûzen meter wie it poadium hielendal oranje. Van Velde waard twadde en Bos tredde. Snein is de lêste wedstriid oer tûzen meter. Wennemars kin de winst yn it klassemint hast net mear ûntgean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)