Trio Vd Meulen wint yn Stiens

14 jun 2009 - 17:16

It trio Johan van der Meulen, Jacob Wassenaar en Marten Feenstra hawwe snein de frije formaasjepartij yn Stiens wûn. Yn in net al te bêste finale mei in protte bûtenslaggen wûnen se op 5-4 en 6-4 fan it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Folkert van der Wei en Daniël Iseger.

De lytse preemje wie foar Jochum Bouma, Erik Haitsma en Pier Piersma. Marten Feenstra waard kening yn Stiens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)