Trio V.d. Meulen wint Bitgum

26 aug 2007 - 16:57

De Van Aisma-keatspartij snein yn Bitgum is wûn troch it partoer Johan van der Meulen, Herman Sprik en Taeke Triemstra. Se wûnen de finale op 5-1 en 6-4 fan Simon Minnesma, Auke van der Graaf en Folkert van der Wei.

De lytse preemje wie foar it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Lennart Adema en Willem Rienks. Taeke Triemstra waard útroppen ta kening.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)