Trio V.d. Meer wint yn Kimswert

16 aug 2004 - 12:32

It partoer Rutmer v.d. Meer, André Kuipers en Chris Wassenaar hat snein it haadklasse keatsen yn Kimswert wûn. Se fersloegen yn de finale it partoer Sibbele Lootsma, Tjitte Bonnema en Marten Feenstra mei 5-1 en 6-6.

By it froulju's haadklasse keatsen yn Doanjum wie de oerwinning foar it partoer Géjanna Buma, Wiesje v.d. Berg en Afke Hylkema. It partoer Johan Abma, Pieter Scharringa en Daniël Iseger hat it 1e-klasse keatsen yn Froubuorren wûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)