Trio V.d. Bos wint yn St Anne

24 maaie 2009 - 17:32

De finale fan de frije formaasjepartij yn Sint Anne gong tusken de partoeren Martijn Olijnsma, Hylke Bruinsma en Douwe Groenendijk tsjin Gert-Anne van der Bos, Folkert van der Wei en Daniël Iseger.

It partoer fan Gert-Anne van der Bos wûn de finale op 5-0 en 6-6. De lytse preemje wie foar it partoer Johan van der Meulen, Jacob Wassenaar en Marten Feenstra. Daniël Iseger waard kening yn Sint Anne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)