Trio Van Tuinen wint yn Huzum

01 sep 2003 - 00:00

It haadklassekeatsen foar manlju snein yn Huzum is wûn troch Pieter van Tuinen, André Kuipers en Chris Wassenaar. Sy wûnen de finale mei 5-2 en 6-2 fan Johan van der Meulen, Jacob Wassenaar en Cornelis Terpstra. Kening waard Chris Wassenaar.

It wie de 40ste oerwinning foar Van Tuinen c.s. op in frije formaasje. Se binne dêrmei noch ien partij ferwidere fan it rekord fan 41 oerwinnnings op namme fan Saakstra, Faber en Brandsma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)