Trio Van der Veen nei PC

24 jul 2014 - 22:28
  • Johannes van der Veen, Hyltsje Bosma en Steven de Bruin fiere de winst

Johannes van der Veen, Hyltsje Bosma en Steven de Bruin foarmje kommende woansdei it 16e partoer op de PC. Sy wûnen de keats off tongersdeitejûn op it Sjûkelân yn Frjentsjer. Yn de finale wie it trijetal justjes sterker as Menno van Zwieten, Kees van der Schoot en Gerrit Jan Duiven. It waard 5-4 en 6-6. Op dy stân pleatste Johannes van der Veen in sitbal.

De druven wienen benammen soer foar Menno van Zwieten. Snein waard er noch útroppen ta kening fan de Rengersdei yn Ljouwert. No stiet er op de wichtichste keatsdei fan it jier oan de kant.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)