Trio Van der Meulen wint Dronryp

15 maaie 2006 - 12:48

Yn Dronryp waard snein de belangrike haadklasse frijeformaasjekeatspartij wûn troch it partoer fan Johan van der Meulen, Kor Zittema en Taeke Triemstra. Se wûnen de finale mei 5-4 en 6-2 fan Rutmer van der Meer en de broers Jacob en Chris Wassenaar.

De lytse premy wie foar it trio Klaas Berkepas,Jan Willem van Beem en Auke van der Graaf. Sy ferlearen yn de heale finale fan Van der Meer c.s. Johan van der Meulen waard kening.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)