Trio Van der Meer wint M'gea

18 jul 2007 - 22:24
  • Rutmer van der Meer (foto: Martin de Jong)

Rutmer van der Meer, Jacob en Chris Wassenaar hawwe woansdei de frije formaasjepartij yn Minnertsgea wûn. Yn de finale waard mei 5-3 en 6-4 wûn fan Gert-Anne van der Bosch, Herman Sprik en Arie den Breejen.

It wie de twadde oerwinning op rige foar de formaasje Van der Meer. Snein wie der súkses op de Rengersdei. Foar Chris Wassenaar wie it in bysûndere oerwinning. Foar it earst wûn hy yn eigen doarp de earste priis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)