Trio Van der Meer wint Harns

05 jul 2009 - 19:36

It partoer fan Rutmer van der Meer, Renze Pieter Hiemstra en Taeke Triemstra hat de fjirde edysje fan de Hotze Schuilparty yn Harns wûn. Yn de finale waard mei 5-4 en 6-2 it earste klas partoer fan Hendrik Tolsma, Michel van der Veen en Johannes Boersma ferslein. Taeke Triemstra waard kening.

Dêrmei hat it trio fan Van der Meer in topwykein efter de rêch, want freed wie it op It Hearrenfean by de Masters ek al de sterkste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)