Trio V. d. Bos wint yn Moarre

28 aug 2010 - 18:00
  • Gert-Anne van der Bos (foto: Henk Bootsma)

Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger hawwe sneon de frije formaasjepartij fan Moarre-Ljussens wûn. Yn de finale wie de formaasje fan Van der Bos fierstente sterk foar Johan van der Meulen, de ynfallende Hylke Bruinsma en Marten Feenstra. De partij waard beslikke op 5-1 en 6-2 troch in bûtenslach fan Johan van der Meulen.

De PC-winners Van der Bos, Triemstra en Iseger pakten nei in mindere wike de tried fan winnen wer goed op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)