Trio stelt iten út de auto fan snackbarbesoarger

28 des 2015 - 07:37

Trije manlju hawwe sneintejûn yn Ljouwert de waarmhâldtas mei iten út de auto fan in besoarger stellen. De besoarger fan in snackbar yn Bilgaard hie syn auto parkeard op de Annie Westlandstrjitte, mar hie de doar net op slot dien.

In tsjûge seach de trije manlju de tas út de auto heljen en warskôge de plysje. Doe't dy oankaam, wiene de dieven al útnaaid yn de rjochting fan de Lekkumerwei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)