Trio pakt foar stellerij

25 apr 2012 - 11:50

De plysje hat tiisdei trije minsken oppakt. De man (37) sûnder wenplak en twa Frânske froulju (23 en 39) wurde fertocht fan stellerij. Yn in winkel yn Snits is it trio trappearre en útnaaid. Mei in goed sinjalemint koe de plysje it trio yn Boalsert oanhâlde. Yn de auto binne tassen mei stellen kosmetika fûn. It trio hie dyselde deis ek op De Jouwer taslein. It guod en de auto binne yn beslach naam. De trije sitte op it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)