Trio pakt foar stellen tas

27 apr 2013 - 10:27
  • Plysje-embleem

Trije Drachtster jonges fan 17 jier binne freedtejûn oanhâlden op fertinking fan it stellen fan in tas. It trio wie yn in hoarekagelegenheid yn de Grutte Hoogstrjitte yn Ljouwert en pakte dêr de tas fan in 30-jierrige frou út Ljouwert ôf. In barman seach dat en koe fuortendaliks ien fan de trije jonges oanhâlde en oan de plysje oerdrage. De beide oaren naaiden út, mar koene nei in tip fan in tsjûge letter oanhâlden wurde yn in bouput oan de Twibaksmerk. De frou hat oanjefte dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)