Trio Olijnsma wint yn Dronryp

07 jun 2009 - 17:19
  • It partoer fan Martijn Olijnsma
  • Kening Martijn Olijnsma Foto's : Aise van Beets

De finale fan de frije formaasjepartij yn Dronryp gong snein tusken de partoeren Martijn Olijnsma, Hylke Bruinsma en de bylotte Alle Jan Anema tsjin Gert-Anne van der Bos, Folkert van der Wei en Daniël Iseger.

It partoer fan Martijn Olijnsma wûn de finale op 5-3 en 6-6. By dy stân sloech opslagger Gert-Anne van der Bos de bal bûten. De lytse preemje gong nei it trio Wilco Rinia, Karel Nijman en Gert-Jan Meekma. Martijn Olijnsma waard kening in Dronryp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)