Trio Joostema wint PC-generale

17 aug 2008 - 16:59
  • Partoer Joostema yn 'e krânsen
  • Afke Hylkema

De generale foar de froulju's PC waard sneintemiddei yn Akkrum wûn troch it partoer fan Maaike Joostema, Imke van der Leest en Fenna Zeinstra. Se fersloegen yn de finale Marie Heida, Debora Oosterman en Maaike Wind. Op de stân 5-4 6-6 sloech Zeinstra boppe.

De tredde priis gie nei it partoer fan Géjanna Dijkstra, Gérieke de Groot en Afke Hijlkema. Dat partoer is lykwols de grutte favoryt foar de froulju's PC fan takom woansdei, omdat se dit seizoen 10 fan 'e 13 partijen wûn ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)