Trio Jan Dirk de Groot earste finalist fan de PC

29 jul 2015 - 16:43

It partoer fan Jan Dirk de Groot hat him as earste pleatst foar de finale fan de PC. De Groot, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar wienen te sterk foar it trio Hendrik Tolsma, Allard Hoekstra en Thomas van Zuiden: 5-2 en 6-4.

De tsjinstanner yn de finale komt út de striid tusken de partoeren fan Gert-Anne van der Bos en Bauke Triemstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)