Trio fertocht fan ynbrekkerij

13 jan 2014 - 11:41
  • Ynbraak

De plysje hat sneintenacht yn Dolsterhuzen trije ynwenners fan Arnhim en in man út Koudum oanhâlden. Harren auto foel op by in rûtinekontrôle. Doe't de plysje de wein letter yn Dolsterhuzen oantrof, wiene de manlju fuort. Besletten waard om de fertochten op te wachtsjen, mar se kamen net werom. Bliken die dat se yn in wente sieten. Ien fan harren hie in tabletkompjûter beet.

Yn de auto fan de manlju fûn de plysje ek noch in partij drugs. De manlju binne oanhâlden op fertinking fan stellerij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)