Trio fertocht fan 2e ynbraak

25 aug 2014 - 15:12

De trije manlju dy't sneintenacht besocht hawwe yn te brekken by in kemping yn Wâldsein hawwe mooglik ek noch op in oar adres taslein. De plysje hat in grutte partij jild by har oantroffen. Dy komt net fan de kemping, want it is de manlju net slagge om de klûs fan it bedriuw iepen te krijen. De plysje freget no ûndernimmers te kontrolearjen oft se jild misse.

De trije manlju waarden betrape doe't se de klûs besochten te kreakjen. Dêrnei naaiden se út, de plysje moast in helikopter en speurhûnen ynsette om har te pakken te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)