Trillings yn Noardwâlde

20 jan 2011 - 12:43

Yn Noardwâlde en omkriten hawwe ynwenners lêst fan in bromtoan en trillings dy't se fiele. Sûnt in jier wurdt yn in lege gasput by it doarp wetter út in tal gasboarlokaasjes yn Fryslân ynjektearre. Tocht wurdt dat de wurksumheden soargje foar de bromtoan en de trillings.

Fiif húshâldens hawwe in klacht yntsjinne by de gemeente. Dy hat de klachten trochjûn oan it Staatstoezicht op de Mijnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)