Trijetûzen fans by de earste Cambuurtraining

27 jun 2015 - 10:54
  • In soad sfear by de earste training yn it Cambuurstadion
  • De tribune siet aardich fol op de earste training
  • Jonge fans mochten even meitraine

De earste training fan SC Cambuur foar seizoen 2015/2016 luts sneontemoarn in lytse 3.000 fans nei it Cambuurstadion. Al fier foar it begjin fan de earste training melden de earste leafhawwers harren yn it stadion. Der wiene ek in soad jonge fans by. Foar de supporters is de earste training de earste kâns om de nije spilers fan de earste seleksje yn aksje te sjen.

Guon bern krigen sneontemoarn de kâns om even in baltsje te traapjen mei harren idoalen. Cambuur hie de ôfrûne dagen al in koart trainingskamp op It Amelân.

Meikoarten begjint de oefenkampanje fan SC Cambuur.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)