Trijetalige PABO los

01 nov 2010 - 17:19
  • Bern en studinten by de iepening fan 'e trijetalige PABO

Ljouwert hat as earste stêd yn Nederlân twa Pabo's mei in trijetalich lesprogramma. Der binne hjir hieltyd mear basisskoallen dy't lesjouwe yn Frysk, Nederlânsk en Ingelsk, mar de measte masters en juffen ha net leard hoe't se lesjaan moatte yn 3 talen.

Noardlike Hegeskoalle NHL en Stenden Hegeskoalle binne dêrom moandei begûn mei in meartalige Pabo-stream. Tsien jier lyn wiene der ûngefear tsien trijetalige basisskoallen, op't heden binne dit der al hast fjirtich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)